Jild foar twa musea

15 maaie 2002 - 00:00

De provinsje ynvestearret yn twa musea yn Ljouwert. It Frysk natuermuseum kin 1,3 miljoen euro yn 'e mjitte sjen, De Princessehof dik trije ton. Nei ferwachting sil ek it ryk jild bylizze.

It natuermuseum kin mei it jild útwreide en modernisearre wurde. It jild foar De Princessehof is ornearre foar in opknapbeurt. Fierders krijt it museum in grutte seal foar modern keramyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)