Jild foar twa jeugdprojekten

18 aug 2009 - 14:19

Weststellingwerf jout 34.000 euro oan twa projekten yn de jeugdsûnenssoarch. De projekten rjochtsje har op risikobern en wurkje previntyf. It giet om 'Stevig Ouderschap' en 'Pedagogische Huisbegeleiding'.

It earste projekt is om ûntwikkelings-, opfiedings- en gedrachsproblemen foar te kommen. De metoade wurdt oanbean oan âlders mei bern oant oardel jier by wa't earder al konstatearre is dat der bepaalde risiko's binne by it opfieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)