Jild foar transfer Huntelaar

02 des 2008 - 10:57
  • Klaas Jan Huntelaar doe't er noch by Hearrenfean wie

As Klaas Jan Huntelaar fan Ajax nei Real_Madrid giet, krijt SC Hearrenfean dêr in pear miljoen euro foar. Hoefolle it krekt is, kin direkteur Yme Kuiper net sizze. By de oergong fan Hearrenfean nei Ajax is ôfpraat dat dêr fierders gjin meidielings oer dien wurde.

SC Hearrenfean krijt net in fêst bedrach, mar in persintaazje fan 'e transfersom. Dat sil in pear miljoen euro opsmite. It is noch wis dat Huntelaar nei Real Madrid giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)