Jild foar toerisme Frjentsjer

28 jan 2014 - 21:10
  • Sa hat it 60 jier west

Deputearre Steaten fan Fryslân jout grien ljocht foar de ynvestearring fan dik 20 miljoen euro yn Frjentsjer. It jild wurdt brûkt foar de oanlis fan trije brêgen, in fytstunnel ûnder it spoar, oanlisplakken en promoasje fan it toerisme yn NW-Fryslân. It jild komt fan provinsje, Waadfûns en de gemeente Frjentsjerteradiel.

Doel fan it projekt is om de stêd better berikber te meitsjen foar ferkear oer de dyk en oer it wetter. Ek wurdt de feiligens ferbettere, om't se aanst net mear troch it drokke stik yn it kanaal farre, mar troch de stêd.

It wurk set noch dit jier útein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)