Jild foar tips oer mishanneling

04 mrt 2004 - 00:00

In beleanning fan 1000 euro stelt de Dierebeskerming beskikber foar tips oer de mishanneling fan twa pony's yn Westhim. De drachtige bisten waarden tiisdei ferwûne oantroffen. Se wienen mei wat stomps yn de geslachtsdielen stutsen. It giet net goed mei de bisten. Undúdlik is wat de gefolgen binne foar de dracht.

De Dierenbeskerming is skokt. De lêste tiid komme mishannelingen faker foar. Ek by dy saken is tipjild tasein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)