Jild foar Thialf wurdt liening

26 aug 2013 - 12:23
  • In ympresje fan it nije Thialf

De provinsje Fryslân hat de skinking fan 50 miljoen euro oan Thialf foar de bou fan in nij stadion omset yn in liening. Ek is by de Europeeske kommisje formeel tastimming frege om subsydzje te jaan foar nijbou. De omsetting hat te krijen mei de diskusje oer de fraach oft it by de skinking oan Thialf wol of net om steatsstipe giet.

De inisjatyfnimmers fan de hal yn Almere hawwe hjir by de Europeeske kommisje in klacht foar yntsjinne. De provinsje tinkt in diskusje op dizze wize foar te wêzen.

Neffens direkteur Eelco Derks fan Thialf is oer dizze stap goed neitocht en rint de start fan de bou fan it nije stadion yn april takom jier gjin gefaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)