Jild foar tennisklub Ternaard

04 des 2008 - 10:46

De gemeente Dongeradiel sjit de tennisferiening fan Ternaard 50.000 euro foar. De feriening is dwaande mei de bou fan in nij ûnderkommen, mar komt yn de problemen omdat subsydzje fan de provinsje op him wachtsje lit.

Oare finansjele bydragen litte ek noch op har wachtsje, wylst de klub no al wol rekkens betelje moat. De gemeente hat de tennisklub earder ek al jild jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)