Jild foar tehûs fan Amurang

03 jan 2014 - 07:31

De Ljouwerter stifting Amurang hat krekt foar de jierwikseling 50.000 euro bymekoar garre foar in bernetehûs yn Yndonezië. Dit hie net folle lange duorje moatten, omdat Wilde Ganzen har part fan 18.000 euro ynlûke soe as it jild der ein 2013 net wie.

In diel fan it tehûs op it eilân Noard-Sulawesi stiet der al. Sa is der al in sliepseal. Mar der komt no ûnder oaren in stúdzjeromte by. Neffens Ritsko van Vliet fan Amurang is bewust keazen om it tehûs net yn ien kear te bouwen en finansieren. Dat hat te krijen mei de krisis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)