Jild foar sûnenssintrum

22 jun 2009 - 22:02

It nije sûnenssintrum op It Amelân krijt in subsydzje fan 50.000 euro fan Plattelânsprojekten. It sintrum komt yn de eardere skoalle yn Nes. De kosten fan it hiele projekt binne 470.000 euro. It plan om acht tsjerken op it eilân te behâlden wurdt stipe mei 40.000 euro.

It inisjatyf fan de stifting Amelander Musea om tegearre mei Omrop Fryslân twa dokumintêres te meitsjen oer de Waadeilannen yn de Twadde Wrâldkriich, kin rekkenje op 26.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)