Jild foar Stichting Leergeld

24 jan 2014 - 20:54
  • Stichting Leergeld

Stichting Leergeld Noardeast- en Súdeast-Fryslân krijt hast 17.000 euro subsydzje fan de gemeente Achtkarspelen. Stichting Leergeld set him yn om bern út earme gesinnen meidwaan te litten oan aktiviteiten op en rûn skoalle. Hjirby kin tocht wurde oan in bydrage yn de kosten foar skoalreiskes, kontribúsje foar de sporklup, sportklean of muzykles.

De stifting brûkt it jild foar bern dy't út in gesin komme dy't rûn komme moatte fan it minimumlean. Alle jierren kinne se foar maksimaal 240 euro stipe wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)