Jild foar spoartunnel H'garyp

25 jun 2014 - 09:59
  • De spoaroergong by Hurdegaryp

De provinsje wol sa'n 8 miljoen euro útjaan foar de komst fan in tunnel ûnder de spoartrochgong yn Hurdegaryp. Dat seit deputearre Johannes Kramer. Troch de oanlis fan de Sintrale As en de komst fan in ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins, is der ferlet fan sa'n tunnel. Ynwenners fan Hurdegaryp kinne dan feilich oan de oare kant fan de dyk komme.

De totale kosten fan de tunnel lizze op 15,5 miljoen euro. De provinsje ferwachtet dat it Ryk foar de helte meibetelje sil.

Tiisdei 1 july kinne de ynwenners fan Hurdegaryp it sketsûntwerp fan de tunnel besjen op in spesjale gearkomste. Provinsjale Steaten moatte yn septimber de provinsjale bydrage goedkarre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)