Jild foar sosjaal pensjon Snits

24 maaie 2006 - 11:50

Der komt hast 175.000 euro beskikber foar in sosjaal pensjon yn Snits. It jild komt fan de provinsje en de gemeente Ljouwert. It sosjaal pensjon is bedoeld foar dak- en thúsleazen en wurdt in dependânse fan dakleaze-opfang De Terp yn Ljouwert.

Der is plak foar 24 minsken dy't begelaat wurde troch meiwurkers fan de stifting Maatschappelijke Ondersteuning en Opvang. It komt yn de eardere lânbouskoalle oan de Lemmerwei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)