Jild foar skriezekrite Idzegea

25 jul 2013 - 12:21

Provinsje, natoerbehearders, it wetterskip en oare fûnsen ha 300.000 euro beskikber steld om de skriezekrite Idzegea noch geskikter te meitsjen foar greidefûgels. Der binne trije doelen dy't helle wurde moatte. De wichtichste is in noflik wetterpeil foar de fûgels. It twadde doel is om it lânskip iepener te meitsjen troch ûnderhâld oan it reid en de beammen dat lizzen bleaun is op te pakken. En as lêste moat der in wize fûn wurde wêrmei't dit soarte fan maatregels ek op de lange termyn betelber bliuwe.

Dat kin bygelyks troch út te sykjen hoe it krûderike gers op in goede wize brûkt wurde kin yn it boerebedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)