Jild foar skoallen Smellingerlân

09 jun 2006 - 17:16

De belestingen yn Smellingerlân hoege de kommende jierren net bot omheech. Dat docht bliken út de perspektyfnota foar de kommende trije jier. De gemeente wol de belestingen ferheegje mei 1,8 prosint.

Der is ekstra jild foar nije skoallokalen, earmoedebestriding en sport. Ek wurdt twa miljoen euro stutsen yn de werynrjochting fan de parken. Foar nije diken is in bedrach fan 2,4 miljoen euro útlutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)