Jild foar skilderij Stiens

14 okt 2010 - 11:24
  • 'Gezicht op Stiens', it skilderij dêr't it om giet (foto Leeuwarderadeel)

De gemeente Ljouwerteradiel wol goed 2.000 euro útlûke foar de oankeap fan in skilderij fan Stiens. Dat is yn de jierren fyftich makke troch Hein Froonen en hinget op dit stuit yn it gemeentehûs. De eigner wol it wol kwyt oan de gemeente, de gemeenteried wurdt foarsteld om it te keapjen.

Dy gemeenteried moat dan ek beslisse oer it oannimmen fan in skinking fan twa skilderijen fan eardere bewenners fan Haersma State yn Jelsum. Dy binne it stik sa'n 2250 euro wurdich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)