Jild foar sintrum minskehannel

10 maaie 2012 - 12:47

Fan de trije miljoen foar in sintrum foar berne- en minskehannel fan Fier Fryslân is al twa miljoen binnen. De kampanje om jild yn te sammelje hat dus súkses.

Fier Fryslân is foaral bekend om de soarch foar froulju dy't it slachtoffer binne fan frouljushannel yn Nederlân. Mar sy ha ek in sintrum foar berne- en frouljesannel fan bûten Nederlân. Dat soe yn it gebou nêst it nije gebou fan Fier Fryslân 'de Veilige Veste' komme moatte. Yn dat gebou sit no noch in âlde plysjegaraazje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)