Jild foar sintrum jonge âlden

16 feb 2011 - 15:22

It sintrum 'Jonge ouders' yn Ljouwert hat 55.000 euro subsydzje krigen. It sintrum wol it jild fan it Oranjefûns brûke om mear omtinken te jaan foar it begelieden fan jonge âlders.

It moetingssintrum is foar swangere famkes, oansteande heiten en jonge âlders yn de leeftiid fan 12 oant 24 jier. Se kinne advys en ynformaasje krije. Doel is útfal op skoalle te ferminderjen, jonge âlders selstanniger te meitsjen en se te helpen by oplieding of wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)