Jild foar sintrum De Lemmer

03 jul 2007 - 09:56

Lemsterlân krijt 350.000 euro fan de provinsje om Lemmer op te knappen. It jild moat brûkt wurde foar it sintrum fan De Lemmer.

It giet dan ûnder oaren om de bou fan twa appartemintekompleksen boppe winkels, in iepenbier húske en in parkearkelder. Fierder wurdt de grûn fan de eardere helling Waaigat/Langestreek saneard en wurde in tal strjitten opnij ynrjochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)