Jild foar sinnepark op Amelân

30 okt 2013 - 11:46

It Waadfûns stelt goed 2,5 miljoen euro oan subsydzje beskikber foar de oanlis fan in sinnepark op It Amelân. It waadeilân krijt ek in finansjele stipe fan goed 740.000 euro foar it enerzjyprojekt om mei brânstofsellen metaan om te setten yn elektrisiteit. Amelân hat as doel om yn 2020 selsfoarsjennend te wêzen op it mêd fan enerzjy. It sinnepark fan 10 hektare komt oan de westkant fan it fleanfjild yn Ballum en moat 20 prosint fan it jierliks stroamferbrûk fan it eilân opwekke.

Nei ferwachting wurdt yn de simmer fan 2014 begûn mei de oanlis fan it park. Boppedat komme der 45 units mei metaanbrânstofsellen, dy't ierdgas omsette yn elektrisiteit. Dizze komme by de gemeente en lokale ûndernimmers te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)