Jild foar rûnwei Bûtenpost

14 apr 2009 - 20:08

Mei in provinsjale bydrage fan goed trije miljoen euro is de finansiering fan de rûnwei fan Bûtenpost rûn. Yn totaal kost de nije rûnwei hast fjirtjin miljoen euro. Ek de gemeente Achtkarspelen en it Ryk drage by.

As provinsjale steaten mei de plannen ynstimme, kin de oanlis fan de dyk letter dit jier mei hast twa jier fertraging los. Troch de rûnwei súdeastelik fan Bûtenpost moat de oerlêst yn it sintrum fan trochgeand ferkear werombrocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)