Jild foar reiten pleatsetekken

31 okt 2007 - 10:39

Der komt subsydzje foar it herstellen fan de dakbedekking fan histoaryske pleatsen. De provinsje stelt jild beskikber omdat se sokke pleatsen karakteristyk fynt foar it lânskip. Der is ien miljoen frijmakke foar reiten tekken, tradisjonele dakpannen en houten ûleboerden fan pleatsen dy't fan foar 1940 en ryksmonumint binne.

Tagelyk mei de restauraasje is it ek mooglik om ynstallaazjes foar duorsume enerzjy oan te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)