Jild foar plattelânsprojekten

01 jul 2014 - 19:58

Der komt dochs wer Leaderjild beskikber foar leefberensprojekten op it plattelân. Yn totaal hast 5 miljoen euro. It giet om jild fan de provinsje en fan Brussel. De provinsje hat de regio's NW en NE-Fryslân oanwiisd as gebieten dy't yn oanmerking komme foar dizze subsydzje. It programma moat ynwenners ynspirearje om har eigen leefomjouwing te ûntwikkeljen. Fan ûnder op.

Mar der is sprake fan ko-finansiering, dus de inisjatyfnimmers moatte ek sels foar jild soargje en dat moat dan komme fan bygelyks gemeenten en fûnsen.

It programma rint fan 2014 oant 2020. Brussel soe gjin jild mear beskikber stelle, mar dat is dus feroare.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)