Jild foar plan Reade Doarp

29 aug 2009 - 12:30

De wenwyk it Reade Doarp yn Frjentsjer hat 3500 euro fertsjinne mei har plan om de rekreaasjeseal fan de buert op te knappen. Seis wiken fan Frjentsjer hawwe meidien oan de leefberensaksje fan wenningboukorporaasje Accolade.

De wiken mochten plannen yntsjinje mei it doel om de buert op te knappen. De korporaasje stelde 5000 euro beskikber foar it bêste plan. It Hamburgerrak en de Keatsersbuert krigen beide 750 euro foar in plan foar túnûnderhâld en it opknappen fan de Froonackerflat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)