Jild foar pilot dramasearje

05 sep 2012 - 10:07

Omrop Fryslân en Tryater hawwe jild krige foar in nije dramasearje foar televyzje. It Mediafûns yn Amsterdam hat 135.000 euro takend foar De Keet. Dat giet oer in jongereinkeet op it Fryske plattelân. De 135.00 euro is bedoeld foar in earste proefôflevering, in saneamde pilot.

Der is noch 2 ton jild nedich om de hiele searje foarinoar te krijen. Dêrfoar wurdt de kommende moannen hurd wurke. De omrop hat twa kear earder subsydzje krige foar in dramaproduksje. Dêrmei koene de skripts foar tsien ôfleverings skreaun wurde.

Tryater hat in wichtige rol by de ûntwikkeling fan de dramarige. Akteurs fan it teaterselskip spylje in tal belangrike rollen yn de searje. It idee foar de dramarige komt fan regisseur Mirjam de With fan De Jouwer. Sy hat ek de rezjy yn hannen. De nije searje hat Diede as haadpersoan, njoggentjin jier en gongmakker by in jongereinkeet earne op it Fryske plattelân. Troch in slim ûngemak rekket er ferlamme en kin er sels net mear prate. Dat feroaret net allinnich syn eigen libben yngeand, mar ek dat fan syn freonen en famylje.

Mirjam de With is de regisseur fan ûnder oare Mina Moes, Heen en Weerdag en Ballast. Produsint fan it projekt is Family Affair Films út Amsterdam en senarioskriuwer is Eveline Verwoerd. Regisseur Pieter Verhoeff en toanielskriuwer Bouke Oldenhof wurkje ek mei oan De Keet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)