Jild foar opknappen Thalenpark

09 maaie 2011 - 21:23
  • It Thalenpark yn Drachten

De provinsje stekt 170.000 euro yn it opknappen fan it Thalenpark yn Drachten. Mei it jild moat it histoaryske ûntwerp fan arsjitekt Hein Otto wer te sjen wêze. Der komme terraskes, treppen nei de fivers ta en in grut gersfjild. Fierders wurdt besjoen oft ek wifi-ynternet oanbean wurde kin.

Der hat in soad diskusje west oer it Thalenpark. Supermerkketen Albert Heijn woe der in winkel iepenje. Bewenners wiene dêr poer op tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)