Jild foar opknappen haven Skier

14 apr 2004 - 00:00

De gemeenteried fan Skiermûntseach is tiisdeitejûn akkoart gien mei it foarstel foar it opknappen fan de jachthaven. It kolleezje stelde foar om twa euroton beskikber te stellen foar renovaasje fan de haven.

Betingst dêrby wie dat 400.000 euro út it Europeeske 'Leader'-subsydzjeprojekt komme moat. Neffens de stifting Jachthaven kostet renovaasje 900.000. De rest moat út de hoareka en it jachthavenjild komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)