Jild foar opknappen fan tsjerken

29 aug 2001 - 00:00

Achttjin Fryske tsjerken kinne opknapt wurde. De provinsje stelt goed twa miljoen gûne beskikber. Der wie in potsje foar de restauraasje fan tsien gebouwen, mar dêr komme noch acht by.

Neist oargels en tsjerken wurdt ek de toer fan Nijemardum oanpakt. Tweintich oanfragen foar finansjele stipe binne ôfwiisd,om't de papieren net goed op oarder wienen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)