Jild foar opknappen fan Luts

07 sep 2011 - 10:07

De provinsje en Gaasterlân-Sleat lûke goed 3 miljoen euro út foar it opkreazjen fan de Luts. Dizze wetterferbining tusken Balk en De Morra moat better befarber wurde foar gruttere boaten.

Mei bettere oanlisplakken wurde de toeristyske plakjes, en de bosk, ek oer it wetter berikberder. It gebiet hat in grutte natuerwearde. In bettere farferbining kin ekstra toeristen opsmite. It wurk oan de Luts begjint ein dit jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)