Jild foar opfang froulju

03 feb 2011 - 19:10
  • Fier Fryslân is belutsen by de opfang

De opfang fan jonge slachtoffers fan earwraak yn Fryslân kin foarearst iepen bliuwe. Steatssiktaris Marlies Veldhuijzen van Zanten hat dêr jild foar frijmakke. Neist de opfang yn Fryslân kin in twadde opfang fan Fier Fryslân yn Noard-Brabân ek iepen bliuwe.

De proef mei de opfang yn Fryslân is yn 2007 begûn. De steatssiktaris hat sein dat de kennis fan de opfanghuzen breder ynset wurde moat om froulju better te helpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)