Jild foar oanpak taalefterstân

13 mrt 2012 - 14:29
  • Ljouwert gemeente

De gemeente Ljouwert krijt fan it Ryk ekstra jild foar de oanpak fan taalefterstân by jonge bern. Dit jier krijt de gemeente 330.000 euro ekstra, takom jier giet it om hast 450.000. Minister Van Bijsterveldt fan ûnderwiis hat mei de 37 grutste gemeenten yn it lân ôfspraken makke oer it ekstra jild foar de saneamde Voor- en Vroegschoolse Educatie.

B&W fan Ljouwert wolle de ekstra sinten ûnder oaren brûke foar it ferheegjen fan de kwaliteit fan pedagogysk meiwurkers yn de berneopfang en foar it ûntwikkeljen fan simmerskoallen.

Ek moatte âlders mear belutsen wurde by skoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)