Jild foar oanpak knipepunten

07 jun 2006 - 11:37

Seis knipepunten yn it ferkear wurde mei goed 130.000 euro oanpakt. De provinsje hat dat jild beskikber steld. Sa komt der in nije fangrail tusken it fytspaad en de autodyk by Kromme Syl. De bushaltes Nijeberkeap, Koatstertille en Noardburgum komme fytsestallingen.

Fierder komt der in systeem yn de Stroobossertrekwei by Kollum wêrmei't ambulânses noch wol gebrûk meitsje kinne fan de dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)