Jild foar noardlike 11-stêderûte

09 apr 2005 - 13:26

De earste sinten foar it better befarber meitsjen fan de noardlike Alvestêderûte binne binnen. Ljouwerteradiel gong akkoart mei har part, 250.000 euro.

De gemeenten Ljouwert, Menameradiel, It Bilt, Ljouwerteradiel en Tytsjerksteradiel moatte de oare 750.000 euro op tafel lizze en as ek dy gemeenterieden akkoart geane moat de provinsje de ponge lûke. It hiele projekt wurdt rûsd op 5,7 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)