Jild foar nije dramasearje

02 jun 2010 - 11:31

Omrop Fryslân krijt goed 70.000 euro subsydzje fan it Mediafûns foar in nije dramasearje foar televyzje. De nije dramasearje wurdt ûntwikkele mei Tryater en regisseur Mirjam de With.

De nije searje sil gean oer de besikers fan in jongerekeet op it Fryske plattelân. De haadpersoan is dêr de gongmakker, mar alles feroaret as hy troch in ûngelok ferlamme rekket en net mear prate kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)