Jild foar nij teater Snits

11 des 2009 - 13:31

De Rabobank Súdwest-Fryslân stekt in grut bedrach yn it nij te bouwen teater yn Snits. Dat hat de gemeente befestige. Hoe grut it sponsorbedrach krekt is, wol de gemeente net bekend meitsje.

Earder waard ek al de C&A binnenhelle as grutte sponsor. Mei de Rabobank as jildsjitter liket de finansjele ûnderbouwing fan it nije teater rûn. Nije wike woansdei wurde de details fan de oerienkomst bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)