Jild foar nij teater Snits

23 jun 2008 - 22:36

De plannen foar in Kultureel Kwartier yn Snits kinne trochgean. It CDA kin lang om let ynstimme mei de provinsjale bydrage fan twa miljoen euro. En omdat ek koalysjegenoat PvdA earder al posityf wie, kin it plan mei ûnder oaren in nije skouburch, oanfange.

Dermei komt der in ein oan in lange diskusje yn Provinsjale Steaten. De provinsjale bydrage wie essensjeel foar it Kultureel Kwartier yn Snits, dat yn totaal 27 miljoen euro kostet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)