Jild foar miljeu op plattelân

25 feb 2005 - 10:57

De provinsje set de kommende jierren bot yn op it ferbetterjen fan it miljeu op it plattelân. Dat kin om't it Ryk jild beskikber steld hat. Dat stiet yn it miljeu-beliedsplan fan Deputearre Steaten.

De provinsje kiest foar trije spearpunten: wetter, enerzjy en it ferbetterjen fan it miljeu op it plattelân. Ek wol de provinsje subsydzje werom ha fan bedriuwen dy't dêrmei in suksesfol produkt makke ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)