Jild foar masterplannen

16 jan 2013 - 08:32
  • De Iselmar

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân is ree om nochris goed 1 miljoen te stekken yn it útfieren fan de Masterplannen foar Boalsert, Hylpen, Makkum, Starum en Warkum. Yn Boalsert giet it jild ûnder oare nei de lisplakken foar passanten oan de stedsgrêft. Yn Makkum wurdt bygelyks it sintrum opknapt en yn Starum wurdt it jild útjûn oan de plannen foar de spoarhaven.

Doel is dat der mear toeristen komme yn dizze plakken en dat der dêrtroch mear minsken oan it wurk komme. Earder stuts Súdwest-Fryslân ek al hast 5 miljoen yn de plannen.

Ek de provinsje jout in pear miljoen. By it Waadfûns leit noch in oanfraach fan 840.000 euro, foar it opknappen fan it strân fan Makkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)