Jild foar Markant Friesland

17 mrt 2009 - 11:30

Markant Friesland, in gearwurkingsprojekt tusken de musea fan Noardeast Fryslân, kin rekkenje op in bydrage fan 40 tûzen euro. It jild komt út de provinsjale pot foar plattelânsprojekten. Mei it jild wol Markant Friesland rûtes en arrangeminten ûntwikkelje, in edukaasjeprogramma meitsje en in frijwilligersbelied opstelle.

Om dat allegear foar elkoar te krijen, wol de stichting Markant Friesland in koördinator oanstelle foar trije jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)