Jild foar leefberensprojekten

18 mrt 2011 - 21:00

De Koninklijke Nederlandsche Heidemaatschappij hat freed yn Ljouwert predikaten útdield oan 21 projekten dêr't de leefberens yn doarpen en wiken mei ferbettere is.

De KNHM, eartiids bekend as de Heidemij, docht dit yn it ramt fan syn projekt 'Kern met Pit'. Goede projekten dy't yntsjinne wurde meitsje kâns op in bydrage fan 500 of 1000 euro. Fanút Fryslân wiene der 39 projekten yntsjinne en 21 dêrfan hawwe in bydrage krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)