Jild foar lânskipsprojekten

29 maaie 2013 - 21:08

Twa projekten yn Noardwest-Fryslân krije subsydzje fan de provinsje. Fia Plattelânsprojekten krije projekten foar it terpelânskip yn Noardwest-Fryslân en kuierrûtes yn Ljouwerteradiel hast 160.000 euro.

Fierwei it measte jild, 150.000 euro, giet nei it terpeprojekt. Lânskipsbehear Fryslân jout de terpen in ûnderhâldsbeurt, makket der karakteristike beplanting by en lit âlde paden weromkomme. Der komme kuierrûtes mei ynformaasjebuorden en bankjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)