Jild foar kultuerprojekten

11 des 2005 - 12:24

De provinsje stelt mei-elkoar 42.500 euro beskikber foar seis kulturele projekten. De organisaasje Intermezzo krijt in bydrage fan 12.000 euro foar it meitsjen fan in opera dy't opfierd wurdt yn natuergebied De Rottige Meente. Teatergroep Sult krijt 11.000 euro foar it meitsjen fan in jubileumstik.

Fierders is der jild foar it op muzyk setten fan in gedicht fan Piter Jelles Troelstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)