Jild foar kultuer en natuer

15 okt 2010 - 11:45
  • Parnas krijt 3000 euro út it fûns

It Prins Bernard Cultuurfonds hat in bedrach fan sawat 85.000 euro beskikber steld foar kultuer en natuerbehâld yn Fryslân. Parnas krijt 3000 euro foar it projekt Herinnerje, in festival wêryn't de relaasje tusken nijsfeiten en herinnerings fan minsken sintraal stiet.

Fierder ferlient it fûns subsydzje oan fer- of nijbou fan doarpshuzen yn Drylts, Lollum, Skalsum en De Himrik, en wurdt der in bydrage levere oan de oprjochting fan in filmteater yn Warkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)