Jild foar keunst yn museum

24 des 2013 - 16:18
  • Fries Museum

It Fries Museum krijt kommend jier 100.000 euro fan it Mondriaan Fonds foar de oankeap fan moderne keunst. Ferline jier krige it museum ek al in ton fan it fûns. It Mondriaan fûns priziget de wize wêrop it Fries Museum âlde en moderne keunst mei-inoar ferbynt yn tema's as lânskip en identiteit. Ek oer de opdrachten dy't jonge keunstners fan it museum krije, is it fûns tige te sprekken.

Mei it jild fan it Mondriaanfûns sil it Fries Museum moderne keunstwurken oankeapje en keunstners nije opdrachten jaan.

Keramykmuseum Princessehof krijt 80.000 euro út it Mondriaanfûns. Dat jild sil brûikt wurde om de kolleksje te ferbreedzjen en it museum lanlik noch bekender te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)