Jild foar Keningen fan Noardsee

31 mrt 2002 - 00:00

De provinsje lûkt 2300 euro út foar de Nederlânske oersetting fan it boek 'Keningen fan de Noardsee'. Oant no is it inkeld yn it Dútsk, Ingelsk, Deensk en Noarsk ferskynd.

It boek heart by in útstalling dy't yn alle Noardseelannen te sjen wie. Dy hie as tema de ûntjouwing fan it gebiet yn 'e Midsieuwen. Foar de Terp fan Winaam wie ek in plakje ynromme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)