Jild foar kankerfûns stellen

07 feb 2011 - 11:05

By in ynbraak by fuotbalklup ONT yn De Pein is dit wykein in pear hûndert euro stellen. De dieven namen ek de ynhâld fan 'e kollektebus foar it kankerfûns mei. In jier of fiif ferlyn wie der ek al in ynbraak yn de kantine. Doe waard net allinnich jild meinaam, mar ek iten en drinken. De klup oerwaget no in alarmynstallaasje oan te lizzen.

It sportkompleks is dreech ôf te sluten. It stek is faak iepen, want der sitte ek oare klups op it terrein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)