Jild foar jubileumstik orkest

18 jul 2012 - 11:59

Foar it Frysk Keamer Orkest is al sa'n 4.000 euro ophelle foar it jubileummuzykstik. It orkest bestiet dit jier 50 jier. Tjalling Wijnstra skriuwt in spesjaal stik. It projekt wurdt finansierd troch sponsors. Partikulieren of bedriuwen kinne sekonden of minuten sponsorje. Foar 50 euro komt der 7,5 sekonde muzyk op papier te stean. It stribjen is om 6.000 euro op te heljen. It stik duorret 15 minuten wurdt 4 novimber spile yn De Harmonie yn Ljouwert. Dêrnei kinne amateurselskippen it spylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)