Jild foar jongereinwurk E'werf

08 mrt 2014 - 08:55

De gemeente Eaststellingwerf wol oerlêst fan jongeren yn Haulerwyk oanpakke. Dêrom hat de gemeente goed 21.000 euro jûn oan de stifting Scala. Fan it jild kin de stifting it jeugdhonk yn Haulerwyk langer iepen hâlde. Dêrneist krijt de jongerewurker fan it doarp mear oeren.

It binne previntive maatregels. Op it stuit falt it neffens wethâlder Van Esch fan Eaststellingwerf ta mei de oerlêst yn Haulerwyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)