Jild foar jonge ûndernimmers

28 aug 2008 - 16:37
  • Fûns foar jonge Fryske ûndernimmers

Foar jonge Fryske ûndernimmers is in nije provinsjale sek mei jild: it Fryslân Development Fûns. Undernimmers mei fernijende ideeën kinne in bedrach krije tusken de 50.000 en 150.000 euro. Sa wol de provinsje jonge bedriuwen stimulearje.

It fûns hat goed 2,5 miljoen euro te ferdielen. Opbrocht troch de Rabobank, provinsje en út Ryksjilden foar Noard-Nederlân. Betingst is dat bedriuwen mei in goed ûndernimmingsplan komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)