Jild foar jeugdsoas De Pein

13 mrt 2008 - 15:23

De jeugdsoas fan De_Pein krijt fan de gemeente Smellingerlân ien kear 7500 euro subsydzje. It jild is bedoeld om de hege kosten fan de soas yn doarpshûs De_Wringe betelje te kinne.

Trochdat der gjin plysjepost mear yn it doarpshûs sit, komt der ek gjin bydrage fan de plysje mear en driget in tekoart op de behearskosten fan it doarpshûs. Jeugdsoas De_Frissel driget dêrtroch te ferdwinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)