Jild foar jeugdhonk Droegeham

28 okt 2004 - 10:05

It Oranjefûns jout 10.000 euro foar in noch te bouwen jeugdhonk yn Droegeham. Der is 20.000 euro nedich. Al sûnt 1997 wurdt der praat oer in eigen plakje foar de jongerein fan Droegeham. It nije ûnderkommen komt njonken it gymnastyklokaal oan de Delte.

De jongeren moatte it honk sels eksploitearje en derfoar soargje dat it kreas bliuwt. It Oranjefûns jout alle jierren sa'n 15 miljoen euro út oan dit soarte fan projekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)